Coronanijs fan 29 maaie: Rêstichste coronawike yn Fryslân sûnt de útbraak

by

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.

Dit liveblog is ek yn it Nederlânsk te folgjen.

23:00 Ein fan dit liveblog

We binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan freed 29 maaie. Dit wie it wichtichste nijs fan dizze dei:

Elkenien tank foar it folgjen!

22:17 Pinksterwykein 'generale repetysje' foar Staatsbosbeheer

It pinksterwykein is spannend foar Staatsbosbeheer. Sy sjogge it as in generale repetysje foar de simmerfakânsje. De natuerorganisaasje hat foar it pinsterwykein gjin gebieten ôfsletten, mar sil ekstra tafersjoch hâlde om't it nei alle gedachten wer drok wurde sil yn de Fryske natuer.

Staatsbosbeheer hat te meitsjen mei in grut tekoart oan tafersjochhâlders, mar sil nettsjinsteande dat ekstra skerp wêze dit wykein. By de hotspots sa as de bosken by Riis, Oranjewâld en Bakkefean wurdt grutte drokte ferwachte.

Besjoch ek Staatsbosbeheer: Pinksterwykein is 'generale repetysje' foar de simmerfakânsje 22:12 Noch gjin besite yn finzenis Ljouwert

Finzenen yn Ljouwert meie de kommende tiid noch gjin besite ûntfange. Minister Sander Dekker fan Rjochtsbeskerming hat freed bekend makke dat der fan 2 juny ôf in proef komt yn trije finzenissen, mar de PI yn Ljouwert sit dêr net by. De proef mei de besite sil útfierd wurde yn de finzenissen fan Alphen aan den Rijn, Veenhuizen en Arnhem.

Detinearren meie ien oere yn 'e wike ien besiker ûntfange. Dat bart skieden troch pleksyglês en besikers moatte yn it foar in fragelist ynfolje. It ministearje wol mei de proef earst sjen hoe't dy útpakt, mei it each op nije positive coronabesmettingen. As dat tafalt, sil de regeling nei alle gedachten útwreide wurde. Dêroer wurdt op 16 juny mear dúdlik.

21:17 Gruttere terrassen op Ruterskertier yn Ljouwert

De bussen fan Arriva sille yn it wykein omride om gruttere terrassen op it Ruterskertier yn Ljouwert mooglik te meitsjen. Dat is freedtemiddei bekend wurden nei oerlis fan de gemeente en plysje mei ûndernimmers út de útgeansstrjitte yn de Ljouwerter binnenstêd. Dy lêsten binne freedtemiddei al begûn mei wurksumheden, om te sjen hoe't se harren oardelmeterterrassen foarmjouwe wolle.

De tiid driuwt, want de terrassen geane al op pinkstermoandei iepen. Neffens Ton Eijer fan muzykkafee Scooters binne gruttere terrassen needsaaklik om foldwaande omset te meitsjen yn in tiid fan coronamaatregels.

Besjoch ek Ruterskertier krijt grutte terrassen, lijnbussen Arriva ride om 20:08 Fideodeiboek fan GGZ

Ed Toeange fan GGZ Fryslân lit yn syn vlog sjen hoe't it persoaniel oefenet foar it momint dat der in coronapasjint by harren komt. Op dit stuit is der by de GGZ noch gjin corona, mar mocht dat noch komme dan wolle se dêr klear foar wêze. Mear vlogs fan Ed Toeange en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.

19:59 Ofskied nimme yn coronatiid

Se hiene oant yn detail bepraat hoe't it moast. As minskemins woe Minne Hovenga dat it ôfskied en kondolearjen op syn eigen pleats plakfine soe, sadat elkenien wolkom wie. Mar corona makke alles oars. Op 30 april is Minne Hovenga ferstoarn oan in harsentumor. Middenyn de tiid fan alle coronabeheinings. Troch de sykte hie syn frou Esther al leard om kontinu by te stellen, teloarstellings te ferwurkjen, om te skeakeljen en wer troch te gean.

Besjoch ek Ofskied nimme yn coronatiid: de útfeart fan Minne Hovenga 19:14 Filmhûs De Koornbeurs wurdt wenkeamer

Foar de fanatike bioskoopbesiker in bekend fenomeen: je moatte efkes opstean, om't ien yn deselde rige syn plakje siket of nei it húske moat. Yn coronatiid kin dat fansels net en dus ha se by teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer fan harren filmhûs in wenkeamer makke. Fan 1 juny ôf meie bioskopen wer iepen.

18:33 Rêstichste coronawike yn Fryslân sûnt de útbraak

It tal besmettingen nimt hieltyd mear ôf: foar it earst sûnt de útbraak fan it coronafirus yn Fryslân binne der minder as tsien positive tests yn ien wike te melden. Dat binne der mar fjouwer. De ôfrune wike binne der twa minsken ferstoarn oan de gefolgen fan COVID-19. It wie kwa sifers de rêstichste coronawike sûnt de útbraak.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is wiis mei de sifers. "Dy bliuwe hiel leech, wy hawwe foardiel hân fan de maatregels. By ús is de ferwachte pyk nea kaam, it tal besmettingen giet no stadichoan fierder nei beneden. Wy ferwachtsje wol dat fan takom wike ôf de sifers wer wat omheech gean. Dat komt net om't der in nije útbraak is, mar om't it testbelied oanpast wurdt: eltsenien mei klachten kin him dan melde by in lanlik nûmer dat moandei bekend wurdt.

Besjoch ek It wie de rêstichste coronawike yn Fryslân sûnt de útbraak, dit binne de sifers 17:55 Flylân komt mei droktekaart

https://pbs.twimg.com/profile_images/458854009541898240/ksrt6zRD_normal.jpeg
https://pbs.twimg.com/media/EZMiZweXkAY6GTj.jpg

Vlieland @Vlieland Vermijd drukke plekken op Vlieland met de Vlielandse druktekaart. Meer info op 29 Maaie 2020 - 17:39 17:43 Ferromming yn finzenissen

De besiteregeling foar finzenissen en tbs-kliniken wurdt fan 2 juny ôf ferromme. Der restriksjes wiene de lêste tiid strang, mar takom wike wurdt dat foar in part weromdraaid. Trije Nederlânske finzenissen begjinne mei in proef wêrby't detinearden alle wiken in oere lang in besiker ûntfange meie. Dat is net yn Fryslân.

Korreksje melde