Waarpraatsje: Waarm wykein
DE JOUWER – Wy krije in waarm wykein en kreaze Pinksterdagen mei in soad sinne. It bliuwt boppedat drûch al hawwe boeren, bouboeren en túnkers driuwend ferlet fan reinwetter.
Yn ’e nacht fan freed op sneon is it helder. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om de 6 graden hinne.
Sneon skynt de sinne flink, mar letter binne der ek hingelwolken. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet yn ’e rin fan ’e middei wat mear wyn. De temperatuer leit tusken de 19 en 22 graden.
Snein (Earste Pinksterdei) feroaret der hast neat oan it waar. By in matige noardeastewyn skynt de sinne hast wer de hiele dei, mar der binne op ’e nij ek wol wer wat hingelwolken. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.
Op Twadde Pinksterdei wurdt it noch wat waarmer.
Jan Brinksma
.