It wie de rêstichste coronawike yn Fryslân sûnt de útbraak, dit binne de sifers

by

It tal besmettingen nimt hieltyd mear ôf: foar it earst sûnt de útbraak fan it coronafirus yn Fryslân binne der minder as tsien positive tests yn ien wike te melden. Dat binne der mar fjouwer. De ôfrune wike binne der twa minsken ferstoarn oan de gefolgen fan COVID-19. It wie kwa sifers de rêstichste coronawike sûnt de útbraak.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân:

Besjoch ek Patyna woe grutte coronaútbraak by Saxenoord stil hâlde. Dat hie net moatten.

Sifers fan dizze wike

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân is wiis mei de sifers. "Dy bliuwe hiel leech, wy hawwe foardiel hân fan de maatregels. By ús is de ferwachte pyk nea kaam, it tal besmettingen giet no stadichoan fierder nei beneden. Wy ferwachtsje wol dat fan takom wike ôf de sifers wer wat omheech gean. Dat komt net om't der in nije útbraak is, mar om't it testbelied oanpast wurdt: eltsenien mei klachten kin him dan melde by in lanlik nûmer dat moandei bekend wurdt.

Nij testbelied

Neffens De Graaf is de GGD dêr klear foar. "Wy hawwe grut opskaald en der binne trije testlokaasjes. As dat net kin, komt der ien nei je ta. Wy kinne eltsenien mei klachten teste. Om't ús sifers noch sa leech binne en de fersprieding net sa heech is, kin it boarne- en kontaktûndersyk ek goed oppakt wurde. Fansels is der allinne ûndersyk by in positive test."

Dochs is it goed om de regels te folgjen. "It bliuwt fansels wol oppassen, bûten is it minder gefaarlik as binnen. De ôfstân is wichtich. Mar wy witte ek in soad dingen net, dus it tal kontakten beheine bliuwt wol it devys. Want oars moat de boel wer op slot, en dêr sit net ien op te wachtsjen. Dus wy moatte de holle der by hâlde."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Korreksje melde