Ofskied nimme yn coronatiid: de útfeart fan Minne Hovenga
by Omrop FryslânSe hiene oant yn detail bepraat hoe't it moast. As minskeminsk woe Minne Hovenga dat it ôfskied en kondolearjen op syn eigen pleats plakfine soe, sadat elkenien wolkom wie. Mar corona makke alles oars.
De útfeart fan Minne Hovenga:
It hiele proses fan de diagnoaze oant de ein hat in goeie 7 moanne duorre. Op 30 april is Minne Hovenga ferstoarn oan in harsentumor. Middenyn de tiid fan alle coronabeheinings. Troch de sykte hie syn frou Esther al leard om kontinu by te stellen, teloarstellings te ferwurkjen, om te skeakeljen en wer troch te gean. "Sa binne we ek mei de corona omgien", fertelt se thús op 'e pleats en it bedriuw yn Jelsum. Dêr runde Esther Hovenga-Melker as bistedokter tegearre mei har man de fokkerij. Se docht it no allinne. It hynstewurk is har hobby en har hobby is har wurk. It skuort har dertroch, no. En op it foarste plak binne it de bern fansels dy't har kracht jouwe.
Corona makke alles oars
Doe't it noch koe hiene se bepraat hoe't it ôfskied derút sjen moast. Hovenga wie in bekende yn de hynstewrâld. Hy siet yn ferskate bestjoeren, wêrûnder it haadbestjoer fan it KWPN. Hy woe graach, as it safier komme soe, thús stean en dêr de minsken komme litte foar in lêste groet. Mar doe kaam corona.
Dat hat Hovenga net mear hielendal meikrije kinnen. En syn frou woe 'm der ek net mear mei belêste. Allinne de alderneisten kamen noch del. Mei it moaie waar de túndoarren iepen en dan Minne mei bêd en al nei bûten. Op oardel meter de moaie mominten noch mei elkoar diele. It sintsje. In bakje kofje.
Esther hopet dat er der wat fan meikrigen hat. De bern wiene fansels thús omdat der gjin skoalle wie. Dat wie dreech, omdat alle feilichheid en de deistige gong fan saken bûten de doar fuortfallen wiene. Mar de oare kant wie ek dat de bern heit noch sa faak sjen koene as se mar woene. It wie ek wol wer yntym. Sa mei allinne de alderneisten.
Ofskied út de auto wei
Op 30 april ferstoar Minne Hovenga. 63 jier. It hiele idee fan kondolearjen op eigen hiem hie de famylje al lang loslitten. By in útfeart meie maksimaal 30 minsken wêze. Op ôfstân. Dus wat Minne yn 'e holle hie, koe gewoan net. Mar dan komt útfeartfersoarger Jan Klaas Faber mei it idee om ôfskied te nimmen út de auto wei. In lange stoet fan auto's dy't by de kiste del rydt. De famylje moat efkes skeakelje. Hoe dan? Kin dat, mei dat, past dat?
Mei man en macht wurdt der wurke om dat foarmekoar te krijen. Ferkearsregelers steane op 'e rotonde om it ferkear te regeljen en der binne rydplaten dellein op de smelle tagongsdyk nei de pleats, sadat auto's by elkoar del kinne.
Minne Hovenga stiet op de dei fan de útfeart op eigen hiem, sa't er sa graach woe. De famylje stiet foar de kiste. Neist de stâldoarren twa grutte foto's fan Minne sa't er wie: yn pak as bestjoerder en tusken de hynders yn spikerbroek en himd.
Yn de eagen sjen
It earste healoere moat Esther wenne. Somtiden sjocht se net wa't yn de auto sit en it fielt dochs ek wol nuver om net ien oankrûpe te kinnen. Mar dochs. Bystelle en omskeakelje. It fielt wol goed om elkenien yn de eagen sjen te kinnen. Om te dwaan hoe't har man it foar eagen hie. It is in op en ôf riden fan auto's. Se ride troch in earehage fan stâlmeiwurkers dy't wite ballonnen omheech hâlde, komme dan lâns de kiste en ride as lêste by trije fan Hovenga syn favorite hynders del: trije merjes út de bekende Balia-stam. Ien is sels spesjaal út Limboarch oerkaam.
Esther sjocht mei in goed gefoel werom. "It wie waarm, mei elkenien sa om him hinne. De hynders stiene der sa leaf by. Ja. It wie prachtich sa."
Sjoch hjir nei in lange ferzje fan dit ferhaal: