https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/Peilgestuurde-drainage-e1590740343522.jpg

Grûnwetter sângrûnen súdeastlik Fryslân fêsthâlde

Yn gearwurking mei de gebietskollektiven ELAN Súdeast-Fryslân, Noardlike Fryske Wâlden, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân is úteinset mei ferskate proeven yn de praktyk om mear wetter yn sângrûnen fêst te hâlden. Op hege sângrûnen yn Fryslân wurdt it wetter nei in reinbui betreklik gau ôffierd. Dat betsjut yn it groeiseizoen mear drûchteskea yn lânbou en it ferdrûgjen fan de natuer. Dat jildt yn alle gefal yn drûge waarsomstannichheden lykas no en dan benammen yn it súdeasten fan Fryslân, dêr’t relatyf in soad sângrûn is.

Yn 2019 is de Strategyske Grûnwetterstúdzje Fryslân útbrocht. Dêr kaam út nei foaren dat op de hege sângrûnen fan Fryslân 90% fan it reinwetter fuortdaliks ôffierd wurdt troch greppels, drainaazjes en sleatten. Mar 10% komt te’n goede oan it grûnwettersysteem. Dat makket dúdlik dat de wetterhúshâlding yn Fryslân yn earste ynstânsje ynrjochte is op it sa gau mooglik ôffieren fan it (rein)wetter. De grûnwetterstúdzje hat dúdlik makke dat der wis wol maatregels te betinken binne om mear wetter fêst te hâlden.

Maatregels
Mear drûge simmers troch klimaatferoaring betsjut mear drûgteskea yn de lânbou en it mear ferdrûgjen fan de natuer. It belang fan it fêsthâlden fan grûnwetter wurdt dus hieltyd grutter. Yn gearwurking mei de gebietskollektiven ELAN Súdeast-Fryslân, Noardlike Fryske Wâlden, Wetterskip Fryslân en mei de Douwe Kalma Stifting wurde ferskate praktykproeven útfierd. Doel fan de maatregels is om wetter op de sângrûn fêst te hâlden. Dat wurdt mooglik makke troch it oanlizzen fan peilstjoerde drainaazjes, it oanbringen fan keardammen yn de sleatten fan it perseel.

Peilstjoerde drainaazje (foto Prvonsje Fryslân)

Praktykproeven
Yn ’e mande mei boeren yn it súdeasten fan Fryslân binne plannen opsteld om wetter fêst te hâlden. De earste praktykproef set útein yn Haule en (hjoed) yn Aldetrine. Dêr wurde ûnder mear stowen set en boaiems fan sleatten ferhege. Der wurdt ek peilstjoerde drainaazje oanlein. Dêrtroch sil de grûnwetterstân minder djip útsakje as foarhinne. Troch it systeem te folgjen wurdt ûndersocht wat de effektiviteit derfan is. De boer hâldt sels by hoe’t it giet mei de opbringst en mei it bewurkjen fan it lân (wurdt it net te wiet). Nei alle gedachten binne ein septimber de earste resultaten bekend.