https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/zeearenden-in-It-Fryske-Gea-e1590735755409.jpg

See-earnen fiele har thús yn de Alde Feanen

Trije see-earnepearkes hawwe har deljûn yn de Alde Feanen om dêr te brieden. Twa plakken wiene al earder yn gebrûk, no is der noch in tredden by kommen. Yn dy kreamkeamer fan It Fryske Gea binne no mei-inoar fiif piken útbret.

Greidefûgelkoördinator Sip Veensta fertelt grutsk dat de see-earnen yn de Alde Feanen twa jongen hawwe. Yn 2017 brochten dy grutte rôffûgels dêr foar it earst ien jong grut, yn 2018 twa, yn 2019 wer ien en dit jier binne op in nij nêst wer twa jongen sjoen. Mei frijwilligers en omwenners hat Veenstra de boel al in skoftke yn ’e kuer. Se binne der no wis fan dat fan it nije nêst ôf, op sa’n santjin meter hichte, twa jongen meikoarten útfleane. It nêst is te finen flakby de simmerpolder Labân, in ideaal plak foar dizze fûgels. It mantsje sit alle dagen op in peal by it wetter en de jonge guozzen, fisken en markollen swimme letterlik foar syn grutte giele snaffel lâns. Troch de goede wetterkwaliteit, moerasnatuer en rêst, mar ek troch de prima fiskstân fiele de see-earnen har hjir thús. “Dêr dogge we it foar as natuerorganisaasje”, seit Veenstra.

Rêst en romte by de Galamadammen
By de Fluezen is it ek raak. Dêr briedt de see-earn no foar it fjirde jier. Yn 2017 en 2018 mislearre dat, mar ferline jier is ien jong grutbrocht. “Dat fan ’t jier twa jongen op it nêst sitte is fantastysk”, seit distriktshaad Germ van der Burg. It nêst sit yn de Koudumerbosk. Dêr meie gjin minsken komme. De rêst makket dat se harren dêr fertroud fiele en yn de wide omkriten is fretten genôch. Twa kear mei de grutte flerken slaan en se binne wis fan in miel. Hjir giet it ek goed mei de jongen. Harren ûntdekkingswrâld bestiet no noch út it twaenheale meter brede nêst, mar oer sa’n trije, fjouwer wike fleane se út. “Wy sjogge no al út nei alle kaprioalen dy’t se faak úthelje. It is foar in natuerbehearder ekstra genietsjen as de kening ûnder de fûgels yn syn gebiet briedt.” Neffens Van der Burg fynt It Fryske Gea it moai dat omstanners der ek fan genietsje kinne. It nêst is fan de iepenbiere paralleldyk ôf te bewûnderjen en minsken dy’t dêr niget oan hawwe, witte dat rêst op it stuit fan it aldergrutste belang is.

Natuer giet foar ferdivedaasje!
Oan it tanimmende tal nêsten is te sjen dat de see-earn stadichoan Fryslân kolonisearret, mar it is wol in seldsume en kwetsbere soarte, dy’t him ek samar wer ôfjaan kin. It Fryske Gea is dan ek ekstra foarsichtich mei de briedlokaasjes en hâldt se, ûnder mear mei kamera’s, goed yn ’e gaten. It is troch absolute rêst dat de see-earn him yn de Fryske gebieten deljout. Drokte yn ’e buert fan in nêst soe funest wêze. Der komt in tiid dat de jongen harsels oan it publyk foarstelle. Oant dy tiid set It Fryske Gea geregeld nije berjochten yn syn nijsbrief en op de sosjale­mediakanalen. Dat is foar wa’t der niget oan hat is dat de manier om op ’e hichte te bliuwen. Online en meikoarten boppe Fryslân is der ferdivedaasje genôch.

Ynformaasjemooglikheden
Nijsbrief: www.itfryskegea.nl/nieuwsbrief
Facebook: facebook.com/itfryskegea
Instagram: instagram.com/itfryskegea
Youtube: www.youtube.com/itfryskegea