Bondel ferskynd oer de takomst fan de frisistyk yn Nederlân
Yn 2019 waard yn Ljouwert in konferinsje holden oer de takomst fan de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde, oftewol de frisistyk. Heech tiid, want it fak stiet al in skoftlang ûnder druk. De goedbesochte gearkomste wie organisearre troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (SFFYRUG), yn ’e mande mei de Fryske Akademy. De lêzingen dy’t op dy gearkomste holden waarden, binne no bondele mei as titel: De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing.
Takomst
Op ’e konferinsje yn 2019 kaam in grut ferskaat fan heechleararen, ûndersikers, beliedsamtners, politisy en oaren út it fjild oan it wurd. Allegearre út harren eigen dissipline wei presintearren de sprekkers harren fyzje op ’e hjoeddeistige stân fan saken en op ’e fraach: yn hokker foarm kin de frisistyk de takomst treast wêze en bliuwe? De tastân is, sa’t it lân der no hinneleit, nuodlik. It tal ûndersyksplakken en ûndersyksynstellingen dêr’t de Fryske taal- en letterkunde yn Nederlân bestudearre wurde kin, nimt hieltyd fierder ôf. Foar jonge ûndersikers is de oantreklikens fan in baan yn de frisistyk dan ek sterk fermindere. Is der eins ek noch wol genôch politike wil oanwêzich om de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal te stypjen?
Koartlyn letten de heechleararen Frysk mei-inoar de needklok yn de parse. Yn de wurden fan Goffe Jensma, heechlearaar Frysk yn Grins: ‘In oplieding Frysk kin nergens oars op ’e wrâld te plak as yn Nederlân. Dy moat dus garandearre bliuwe, net foar in pear jier, mar foar de lange termyn.’ De SFFYRUG hopet dat de bondel helpe sil om nije kânsen te finen foar de frisistyk. Nammers, sûnder in sûn wittenskiplik fjild rekket de Fryske taal yn swier waar; dêr wiene alle oanwêzigen op ’e konferinsje it oer iens.
De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing, red. Rolf H. Bremmer Jr, Riemer Janssen en Oebele Vries. Estrikken 112, Grins: 2020. ISBN 978-94-92052-64-3. €17,50.
De bondel is te bestellen fia info@wijdemeer.nl, en by de Afûk.