Pakes comeback (20)

Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Ja, jou dy mar gau ôf. Neitiid net te lang sitten bliuwe, hear, mar op ’e tiid thúskomme om te learen, do hast moarn ommers in wiskunderepetysje.

Douwe: Meitsje jo je mar net sa drok, âlde. Bemoeie jo je no mar mei jo eigen saken. At ik in ien hè, stean ik noch foldoende foor wiskunde.

Pake: Ja, mar foldwaande is net altyd foldwaande, ast my neikomme kinst. Der komme ommers noch mear repetysjes, fan ’t jier. Faaks binne dy foller dreger. En it is dochs prachtich om in heech sifer te heljen. Dêr kinst grutsk op wêze.

Douwe: Ja, lekker belangryk. Dêr keapje je ommers niks foor. No, ik peer ’m. See you.

Douwe giet troch de doar.

Pake: Ja, goeie.

Pake rint nei de kompjûter en giet derachter sitten. We hearre lûden fan it yndrukken fan toetsen en klikken mei de mûs. Dan set er grutte eagen op.

Pake: Och, krammele, wat krije we no. Hearegod. Leave santjin. Alderôfgryslikst. Gadferdarry. Nono, nonononono, nonono. Alderraarst. Soks kin dochs net. Harrekrastes. Och heden noch oan ta. Dit is mei gjin sân pinnen te beskriuwen. Och, och, och, och, och.

Skodholjend rint er by de kompjûter wei. Hy rint nei de wenkeamer, mar bliuwt op de drompel stokstiif stean en set wer grutte eagen op. Syn blikken binne rjochte op de side fan de grutte bank yn de keamer dy’t it publyk net sjen kin. Dan set er in pear grutte stappen, plôket in jonge fan de bank waans boppeliif bleat is, pakt dy mei de linkerhân by de strôt en helpt mei de rjochterhân Nynke oerein, dy’t hier en klean wat trochinoar sitten har en in pear knoopkes fêstmakket.

Pake: Hoe giet it, Nynke. Hat er dy sear dien?

Nynke: Wat ís dit foor gedrách, páke, dat kénne jo net méitsje. Dit is echt sá lomp!

Pake: It liket my oars ta dat ik krekt op ’e tiid bin. Dy smûsterige fiislak hie hast dyn earberheid fermuozze. Der hie gjin rie ta west as ik mar justjes letter kaam wie!

Nynke: No, ik bin der self by, hear. En wy lieten ús even gean, mar dat is noch gjin reden foor sa’n anfal. We tochten dat jo Bush an it útlitten wienen.

Pake: Wat?!? Woest sizze dat dit mei dyn goedfinen bart?

Nynke: Fanself. En lit Jeffry no asjeblieft onmiddelik los, hy wurdt al blau.

Pake lit de jonge los, dy’t daliks langút op de grûn falt. Nynke sjit der op ôf en begjint mei him om te popkjen. Pake stiet der wat helpleas by.

Pake: No, it spyt my, dat… Eh, kin ik wat dwaan?… It kin dochs hast net sa slim wêze, ik ha net sa bot taknypt… Tocht ik…

Omdat net ien antwurd jout of nei him omsjocht, sloft er mar nei de keuken ta. Hy feroaret fan koers as de belle wer giet en giet wer yn de iepening fan de doar stean.

Pake: O, dag buurvrouw, kom, daar was u al eens weer… Wat segt u?… Helpen? Waarmee? Wat gebeurt er bij u op de stoepe? O, ik sie het al, ja. Ja, dat is me daar een kluwene fan katten. Ja, het zal de meitijd sijn, hè. U bent er een beetje mee aan, geloof ik. Kunt u daar niet goed over? … Maar dat gaat nu eenmaal so in de natuur, daar moet u u maar niet te feel fan aantrekken. Laat se maar geworden…. Wat segt u? Uw poes sit daar ergens onderin die bult katten?… Tsja…, Nou, ik zou Boes er op af sturen kunnen, maar die kan niet eens blaffen, ik ben bang dat die katten hem uitlachen sullen… Nou, wacht maar even, we kunnen het eens besoeken.

Pake ferdwynt troch de doar.

Pake: Boes, kom ris, jong. Do moatst efkes dy katten útinoar jeie. Kinst dat wol? Sjoch, dêr moatst hinne… Ja, toe mar… Toe, dan. Heden, jonge, moat ik it dy dan foardwaan of sa?… Ja, goed, ja, dat liket derop, ja braaf… Goed.

Lûden fan fjochtsjende katten en it tsjilpen fan de hûn.

Pake: Nou, buurvrouw, volgens mij sijn se nu wel toegekocht. Hoe is het met poekie?… O, mooi. Nou, u kunt zich wel weer rustig neergeven… Ja, niets te danken, hoor. Ja, goeie.

Pake ferskynt wer yn de doar.

Pake: No, kom mar wer, Boes, ja dy buorfrou makke har drok om har poeske, sjoch. Dat is in stedsminske, jù, dy wit net hoe’t soks tagiet yn de natoer. Dat rêdt him ommers allegearre wol, mar ja.

Werom yn de keuken treft pake Nynke, dy’t krekt in glês wetter pakt.

Pake: Hoe is ’t mei ús pasjint?

(Pinkstermoandei fierder)