https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/eineksamen-skiednis-NTR-200.jpg

De Eineksamen-skiedniskwis

Eineksamen! In tiid fan spanning, mar ek in tiid dy’t foar in soad oantinkens foar it libben blike sil te soargjen. It hurde wurkjen, de eksamenstress, it ‘inoar dertrochhinne slepen’. De ûntlading as je slagge binne, mei-inoar feestfiere op Chersonissos of yn Lloret de Mar. Spitich… de eineksamen-learlingen fan dit jier sille it misse moatte.

Foto’s: NTR

As pleister op it sear organisearret de NTR foar dy ûngeloksfûgels – mar tagelyk foar eltsenien dy’t him of har de eigen eksamenperioade noch mei in mingeling fan eangst en blydskip yn ’t sin bringe kin – in feestlike eineksamenkwis.

It fak: skiednis.
De lokaasje: de Earegalerij fan it Ryksmuseum.

Mei fragminten út it rike omropargyf en objekten út it Ryksmuseum wurdt in groep kandidaten – fan eineksamenlearlingen, mar ek Alexander Pechtold, Daphne Bunskoek en rapper Donnie – meidogge oan in pittige skiedniskwis. Dêr komme ferskate tiidfekken út de eineksamenstof fan dit jier yn foarby, lykas de 17e iuw en de tiid fan de wrâldoarloggen.

Jeroen Pauw liedt de jûn en kin ûnder de kwis in berop dwaan op de ekspertize fan Diederik van Vleuten, Astrid Sy en Maarten Prak. Under de útstjoering kinne sjoggers thús online meidwaan fia it edukative platfoarm NPOFocus.nl. Dêr sille ek eftergrûnartikels by de kwisfragen te finen wêze.

Utstjoering: woansdei 3 juny, 20.25 oere, by de NTR op NPO 2.