https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/sauna-pixabay.jpg
Foto: pixabay.com

Sportskoallen, sauna’s en kasino’s faaks al op 1 july iepen

Sportskoallen, sauna’s, kasino’s en sportkantines kinne mooglik op 1 july al iepen. Dat is woansdeitemiddei besletten yn it koroanakrisisberied fan it kabinet. “Mar allinnich as tsjin dy tiid bliken docht dat it echt kin”, seit premier Rutte. Fersprieding fan it firus mei net te folle tanaam wêze. In wike foar 1 july wurdt bekendmakke oft de ferromming trochgiet.

Earder stie de iepening fan sportskoallen mei yngong fan 1 septimber plend. In protte sportskoalle-eigners lieten de ôfrûne wiken witte dat te let te finen. De saakkundigen fan it útbraakmanagementtiim kamen tiisdei net ta in advys oan it kabinet oer de sportskoallen, mei’t der noch te folle ûndúdlik is oer de fersprieding fan switdrippen en fentilaasje.

Oer de simmerfakânsje sei Rutte: “As jo je fakânsje útstelle kinne, moatte jo dat foaral dwaan”. Takom wike is der wer krisisberied en dan docht it kabinet mear meidielings oer fakânsjes yn it bûtenlân. Rutte hopet dan groepen lannen oanwize te kinnen dêr’t it wol of net ferstannich is om hinne te gean.