https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/27-maaie-613x460.jpg
foto © Jan Brinksma

Waarpraatsje: Einepikewaar

DE JOUWER – Dizze maitiid tilt op fan de kreaze dagen mei in soad sinne. It wie woansdei op ‘e nei in noflike maitiidsdei, mar bewolking siet it noardlik part fan Fryslân oars wol wat dwers.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak oant matich. It wurdt 7 graden.

Tongersdei skynt de sinne flink, mar yn ’e rin fan ’e dei is der ek kâns op (wat) bewolking. By in matige noardewyn leit de temperatuer om de 15 graden hinne.

Freed en mei de Pinksterdagen feroaret der net folle oan it waar. It wurdt sels noch wat waarmer.

Jan Brinksma

.