https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/Crew-Dragon-SpaceX-publyk-domein-e1590600179608.jpg

Bywurke: Lansearring romteskip SpaceX útsteld

As alles goed ferrint bringt it bedriuw SpaceX fan Elon Musk woansdeitejûn foar it earst yn syn bestean minsken yn de romte. Om 22.56 hinne, 22 minuten nei de lansearring fan Cape Canaveral yn Floarida, fljocht de Crew Dragon oer Europa. It romteskip hat de haadraket Falcon 9 dan al ôfstjitten.

Crew Dragon op Falcon 9 (foto: SpaceX – publyk domein)

It is om dy tiid tsjuster genôch om in lyts stipke te sjen dat rap nei it easten ta beweecht. Nei alle gedachten liket de Crew Dragon in tige heldere stjer dy’t mei hege faasje troch de himel sjit. Mooglik is er as twa stjerren te sjen mei’t it dan krekt ôfstjitten part fan de raket noch meifljocht. Nei in pear minuten is it romteskip Europa foarby op wei nei it International Space Station (ISS). Mei it bleate each moat de Crew Dragon prima sichtber wêze. It romteskip komt út it westen wei en is sichtber yn it súdlike part fan de himel.

Bywurke woansdei 22.45 oere: De lansearring fan it romteskip is op it lêste momint útsteld nei no sneon, fanwege minne waarsomstannichheden.