Poldermûne Wommels hat nei in jier wjukken werom
by Omrop FryslânDe Van Aylvapoldermûne hat nei in jier de wjukken werom. De roeden fan de wjukken wiene trochrustke en moasten dêrom restaurearre wurde. Dat spesjalistyske wurk is dien troch in bedriuw yn de Achterhoek. Woansdeitemoarn binne de wjukken wer op de mûne pleatst. De kommende wiken folget ek noch it houtwurk en dêrnei kin de poldermûne wer yn gebrûk naam wurde.
Mei in grutte kraan binne de wjukken omheech tild. It barren soarge derfoar dat op 'e N359 tusken Wommels en Burchwert tydlik ien rydstripe ôfsletten wie. Neffens Jan Poorte fan stichting De Fryske Mole giet it om in bysûndere restauraasje. "Dit binne âlde, klonken roeden. Dat betsjut dat der klinkneils yn útboarre wurde moatte en stikken plaatstiel ferfongen wurde. It bedriuw dat dat dien hat, hat in prachtich stikje fakwurk ôflevere. Dat it op dizze wize kin, is skitterjend."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach by it pleatsen fan de wjukken
De Van Aylvamûne is ferneamd nei Tjeard van Aylva, dy't yn 1680 ien fan de oprjochters wie fan in wetterskip yn 'e polder dêr't de mûne no stiet. "In opfolger fan dy earste mûne dy't yn 1827 boud is, is yn 1959 ôfbrând," fertelt Poorte. Dêrnei hat it hast fjirtich jier duorre foar't Wommels wer in poldermûne krige. "Doe is yn 2000 in ferfangende mûne fûn yn Hallum. Dy moast dêrwei, om't tanimmende bedriuwichheid him op syn orizjinele plak de wyn út de wjukken helle."
Foar de restauraasje wie sa'n 250.000 euro nedich. Dat is troch De Fryske Mole byinoar helle mei ferskate subsydzjes. Mar, sa fynt Poorte, it wie elke euro wurdich. "In mûne sûnder wjukken is gjin gesicht, dus it hat in jier lang gjin gesicht west. Mar sjoch, it is sa wer in prachtich plaatsje. Hielendal wannear't it houtwurk der ek wer op sit."