LIVEBLOG: 66 minsken ferstoarn; boa's kundigje nije aksjes oan
by Omrop FryslânYn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
- Yn Fryslân binne oant no ta yn totaal 66 minsken ferstoarn oan it coronafirus, en 494 minsken binne posityf test.
- Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
- Sjoch op de kaart de aktuele situaasje yn dyn gemeente.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
10:47 Hoe moat de hoareka ynrjochte wurde?
De Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Horeca Nederland praat woansdei mei de oerheden oer de needferoardering dy't fan takom moandei ôf jildt. Dan mei de hoareka wer iepen, mei alle maatregels fansels. De needferoardering moat tongersdei klear wêze. Dy moat ek antwurd jaan op fragen fan hoareka-ûndernimmers.
Ien fan dy fragen is oft der gjin sketten tusken de minsken op de terrassen komme meie. "Dan kinst tichterby elkoar sitte", leit Ton Eijer fan kafee Scooters yn Ljouwert út. "En mei betsjinning wol? Of kinne we net mear romte krije, sadat'st mei fjouwer minsken sitte kinst." It dwaan fan ynvestearrings is no ek spannend. "Guon kollega's freegje har ôf oft se no in terras keapje moatte of dat se it tydlik hiere moatte. En hoe lang kinne se dat brûke? Der is in soad ûnwissens, want je witte net wêr't je oan ta binne."
Eijer: "Wy hawwe út namme fan alle hoareka oan it Ruterskertier in oanfraach dien om in terras te meitsjen fan de Doelesteech ôf oant it Grykske restaurant Rhodos. Dan moatte we gebrûk meitsje fan in stikje dyk, mar der ride noch bussen. Dus we moatte Arriva sa fier krije dat se earder ophâlde mei riden, sadat wy it terras der delsette kinne."
Ton Eijer oan it wurd
10:11 Provinsjale Steaten komme wer fysyk gear
Provinsjale Steaten komme woansdei foar it earst sûnt it útbrekken fan de coronakrisis wer fysyk by inoar, yn stee fan digitaal. Om oan alle coronamaatregelen te foldwaan, is de gearkomste yn oanpaste foarm. "De Steaten hawwe de ôfrûne wiken besocht it op de digitale manier te dwaan. Dat gie ek best goed, mar se misten wol de ynteraksje mei elkoar. En it spant der somtiden wol om yn de polityk. Dan is it wichtich dat je elkoar oansjen kinne en de lichemstaal sjen kinne", leit griffier Arnold Rosier út.
"De Steateleden hawwe woansdei it Provinsjehûs foar harren sels. We hawwe de romte nedich. De measte provinsjale amtners wurkje thús, dus dy romte is der ek wol. We hawwe it sa regele dat Steateleden yn de iepenbiere romten tegearre prate kinne. Alinnich de wurdfierders foar elk ûnderwerp gean nei de Steateseal ta. Dus dy is dan behoarlik leech."
De gearkomste is noch altyd iepenbier. "De parse en ynteressearren kinne derby wêze, mar se moatte har wol oanmelde. We wolle fansels net te folle minsken yn it gebou ha. Al ús Steategearkomsten wurde ek altyd útstjoerd fia ynternet. Dus minsken kinne altyd út de loaie stoel thús wei meisjen."
Arnold Rosier
8:54 Wrâldwiid mear as 350.000 deaden troch coronafirus
It wrâldwide deadetal troch de útbraak fan it coronafirus is de 350.000 foarby. Dat meldt de Amerikaanske Johns Hopkins-universiteit, dy't him basearret op sifers fan offisjele ynstânsjes.
6:37 Bedriuwsdokters benaud foar besmettingsrisiko's by nij testbelied
Bedriuws- en arbodokters binne benaud dat se by it nije testbelied bûtenspul setten wurde. Dêrmei nimt neffens harren it risiko ta dat op de wurkflier nije besmettingshurden ûntstean. Yn in brief oan minister De Jonge uterje se harren soargen.
Fan 1 juny ôf kin elkenien him teste litte op it coronafirus. Dêrby is in trochferwizing fan in (bedriuws-)dokter net langer nedich. De brânsjferiening foar arbotsjinsten (OVAL) en de beropsferieinng fan bedriuwsdokters (NVAB) warskôgje no dat dêrmei ek in wichtich advys fan bedriuwsdokters fuortfalt as wurknimmers posityf teste op it firus.
Unmisber
De bedriuwsdokter of arbotsjinst is neffens de briefskriuwers ûnmisber, om't sy de spesifike situaasje fan wurknimmers op it wurk en thús goed kenne. Dat is neffens harren by GGD-ôfdielings net sa. Sûnder in ûnderboud advys soe it gefaar bestean dat wurknimmers te betiid wer nei harren wurk gean en dêr dochs noch kollega's besmette.
In wurdfierster fan it ministearje fan Folkssûnens seit mei klam dat de tuskenstap fan trochferwizing nei in (bedriuws-)dokter ferdwynt om rap teste te kinnen. Dêrby ferûnderstelt it ministearje dat wurknimmers nei in positive test twa wiken thús sitte, sa't se regels foarskriuwe.
6:00 Goeiemoarn!
Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog oer it coronafirus. Dit wie it belangrykste nijs fan tiisdei:
- Foar it earst sûnt it útbrekken fan it firus binne der yn hiel Noard-Nederlân gjin nije positive tests meld;
- Der komme nije aksjes fan boa's. Boargemaster Buma stipet winsken fan harren;
- Yn totaal binne der yn Fryslân 66 minsken ferstoarn oan it coronafirus;
- Eastermar makket in grut terras fan it doarp dizze simmer;
- De fuotballers fan Cambuur leverje lean yn om de klup te helpen yn de coronatiid.