Minder bûtenlânske studinten fanwegen koroana
Bûtenlânske studinten hawwe noch hieltyd belangstelling om yn Nederlân te studearjen, mar oft se har ek ynskriuwe sille foar in stúdzje is noch ûnwis. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ynternasjonalisearringsorganisaasje Nuffic ûnder 941 potinsjele studinten fan bûten de Europeeske Uny.
De studinten jouwe oan dat beheinde finansjele middels en de reisbeheinings fanwege it koroanafirus foar in protte ûnwissigens soargje. Mei dêrtroch ferwachtet in fearn fan dy studinten net yn Nederlân te kommen om takom kolleezjejier te studearjen. 36 persint twivelet noch oer it úteinlike beslút.
Dit kolleezjejier (2019-2020) studearje yn Nederlân noch goed 25.000 studinten fan bûten de EU. De ôfrûne jierren kamen der hieltyd mear studinten nei Nederlân. Ut ûndersyk fan it Sintraal Planburo hat bliken dien dat studinten fan bûten de EU sa’n 96.000 euro de studint opbringe.
De ûnderfrege studinten sjogge online kolleezjes net as ferfanging fan it fysike ûnderwiis. Mar ien op de tsien respondinten jout oan in foarkar te hawwen foar dy foarm fan studearjen. 21 persint fan de potinsjele studinten fan bûten de EU jout oan de foarkar te jaan oan it útstellen fan harren stúdzje yn Nederlân. Hja sille faaks in jier letter ynstreame.