It ôfskied sûnder ein fan Ira Judkovskaja
Artistyk direkteur Ira Judkovskaja nimt ôfskied fan teäterselskip Tryater. De Fryslân DOK Ofskied sûnder ein lit sjen dat Judkovskaja in persoanlik stimpel drukt hat op 12,5 jier Frysk teäter.
Ira Judkovskaja (foto: Omrop Fryslân)
Mei de foarstelling 1000&1 nacht wol Ira Judkovskaja in oade bringe oan it teäter en syn tûzenen jier âlde skiednis. It stik soe dizze maitiid útfierd wurde op de âlde jiskebult fan Ljouwert, op de grins fan de stêd en it plattelân. Mar koroana kaam dertusken. It fertriet dêroer is omset yn kreativiteit, en no is it stik online te besjen. It is Judkovskaja’s lêste produksje as artistyk direkteur fan Tryater.
Op 1 febrewaris 2008 kaam Ira Judkovskaja (Moskou, 1975) yn tsjinst by it profesjoneel teäterselskip Tryater. Se sei doe: “Ik wil geen zintuig onberoerd laten. Acteurs moeten breed onderlegd zijn, fysiek, muzikaal. Tryater heeft het in zich. Er is heel veel talent in Friesland en wij moeten dat ontwikkelen.” De Russyske Ira learde Frysk, en yn de tolvenheal jier dat se by Tryater wie dage se de makkers én it publyk út mei hieltyd nije foarmen fan teäter. Se betocht en regissearre foarstellingen as De 11Stêdetocht (2008), de strjitopera De IIsfoarstin (2014) en Doarp Europa (2018).
Ira Judkovskaja (foto: Omrop Fryslân)
Yn de Fryslân DOK Ofskied sûnder ein in portret fan Ira Judkovskaja. Oer passy, missy en persoanlikheid. Judkovskaja: “Ik hoopje dat ik wrâlden kreëarjen kinnen ha mei minsken. It sykjen nei in nije manier fan tinken sit ûnder al myn foarstellings.”
Fryslân DOK Ofskied sûnder ein, oer Ira Judkovskaja
Sneon 30 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 31 maaie 13.10 oere)
Snein 31 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)