Frysk en Ingelsk op de meldkeamer: it ferskil
Hjoed berjochte It Nijs oer de befining fan Dingtiid dat der op ‘e 112-meldkeamer yn Drachten telefonisten binne dy’t net oer de Fryske taal meie (link).
Op it stuit hoege meiwurkers fan de alaarmsintrale it Frysk net prate en ek net ferstean te kinnen. Der hoecht neffens de minister allinnich ien persoan oanwêzich te wêzen dy’t it Frysk ferstean kin.
It Nijs hat ris sjoen wat de funksje-easken binne foar meiwurkers fan 112-meldkeamers. Tafallich is der yn Utert op it stuit in fakatuere: link.
Yn dy fakatuere stiet as funksje-eask foar nije meiwurkers dat se de Ingelske taal goed behearskje moatte. Minsken dy’t Ingelsk prate wolle as se 112 skilje, moatte dat blykber gewoan dwaan kinne. Foar oare talen is dy mooglikheid der net: Dútsk, Frânsk of Papiamintsk binne gjin funksje-eask.
Foar net ien fan dy talen fiert Nederlân dan ek taalbelied, mar dat jildt wol foar it Frysk. Neffens it Europeesk Hânfêst it it Frysk beskerme en neffens it Europeesk Ramtferdrach binne de Friezen as folk mei har taal en kultuer beskerme. De oerheid selektearret dus bewust meiwurkers op kennis fan in taal dy’t gjin offisjele status hat. Dingtiid riedt minister Ollongren oan om it meldkeamerpersoniel Fryske les folgje te litten, mar de minister skriuwt dat hja dat net oplizze kin.
In stik fan de fakatuere foar in 112-sintralist yn Utert: