Telefonisten Drachtster meldkeamer hawwe it mier oan it Frysk
De meldkeamers falle aansen net mear ûnder de Ryksoerheid. Dêrtroch kin minister Ollongren der neat oan dwaan dat de telefonisten dy’t Friezen yn needgefallen te wurd stean moatte, foar in part it mier hawwe oan de Fryske taal.
Dat skriuwt minister Ollongren oan taaladvysorganisaasje Dingtiid. De minister hat Dingtiid ferline jier frege om ûndersyk te dwaan nei it plak fan it Frysk by ferskate oerheidsorganisaasjes.
Ut dat ûndersyk docht bliken dat it Frysk faak wol brûkt wurdt, mar dat net ien fan de organisaasjes in taalbelied hat. By it UWV, DUO, de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland en de belestingtsjinst wurdt in soad Frysk praat, mar de organisaasjes hawwe it der net op as klanten Frysk skriuwe en hielendal as se freegje om in Frysktalich antwurd.
It slimste is it by de meldkeamer, dêr’t wearze bestiet tsjin minsken dy’t yn panyk yn harren memmetaal skilje. Opfallend genôch hat de organisaasje der gjin probleem mei as minsken yn de Ingelske taal skilje. Hoewol’t minister Ollongren sels om it ûndersyk nei de taalhâlding by de ministearjes frege hat, wol se der neat oan dwaan.
In wetswiziging sil der ynkoarten foar soargje dat minsken dy’t 112 skilje, trochferbûn wurde kinne mei in meldkeamer bûten de regio. De kâns is dan grut dat de telefonist de Fryske taal net ferstiet. Neffens de minister is dêr neat oan te dwaan.
Klik hjir foar it ûndersyksrapport fan Dingtiid.
Klik hjir foar it brief fan de minister.