Fideodeiboek: "Er zijn gasten die komen en denken dat hier geen corona is"
by Omrop FryslânBoskwachter Anke Bruin sjocht dat it hieltyd drokker wurdt op Flylân. Yn har vlog nimt se ús nei Kroon's Polders. In plak op it eilân dêr'tst net samar komme meist.
Mear vlogs fan Anke Bruin en de oare vloggers fan de rige 'Berjochten út it hert' sjen? Dat kin fia dizze dossierside.
Anke Bruin-Kommerij
Anke Bruin-Kommerij fan Flylân is boskwachter en wurksum by Staatsbosbeheer Vlieland. Sy hâldt ek it blog fan Staatsbosbeheer Vlieland by en mei graach it eilân by de minsken thúsbringe. De natuer jout har in soad treast, ôflieding en rêst yn dizze gekke tiden.