FIDEO: Bern op Dockingakolleezje net dupe wurde litte fan coronatiid

by

Middelbere skoallen binne dit jier soepeler mei it wol of net oergean litten fan learlingen. Op it Dockingakolleezje yn Dokkum fine se dat bern net de dupe wurde meie fan dizze coronatiden, dêrom sille se ek dêr 'ruimhartig' omgean mei de oergongsnoarmen.

Op alle trije lokaasjes fan it Dockingakolleezje kinne nije wike de learlingen wer fysyk nei skoalle. Dan is it noch mar in pear wiken oant it simmerfakânsje is. Nei dizze perioade fan thúsûnderwiis wurdt soepeler omgien mei de oergongsregels.

Dosinten konstatearje dat der ek in groep learlingen is dy't it krekt better docht ûnder corona-omstannichheden.

Besjoch ek Ek skoallemienskip Singelland past oergongsnoarmen foar learlingen oan Korreksje melde