https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/25-maaie-613x460.jpg
foto © Jan Brinksma

Waarpraatsje: Oanhâldend drûch

DE JOUWER – Nei de rein fan snein bliuwt it dizze wike wer drûch en wurdt it tekoart oan delslach hieltyd grutter. Dêr komt foarearst gjin feroaring yn. Tiisdei wurdt in kreaze dei.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder. Op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. By in swakke wyn út ferskate rjochtingen leit de temperatuer tusken de 5 en 9 graden.

Tiisdei skynt de sinne flink, mar der is ek hege bewolking. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. Yn ‘e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it westen oant noarden. It wurdt tusken de 17 en 21 graden.

Woansdei, tongersdei en freed feroaret der net folle.

Jan Brinksma

.