https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/DSC_8921ok-sm-613x409.jpg

Stiltekonsert

Snein 14 juny jout Sjoukje van der Land in stiltekonsert yn Balk. Sy sjongt dan, mei gitaarbegelieding fan Theo Stobbe, lietsjes fan har album Stim fan Stilte, nij repertoire en ymprovisaasjes.

Van der Land en Stobbe musisearje al sûnt 2016 mei-inoar. Se nimme de harkers graach mei op harren muzikale ûntdekkingstocht. ‘Suver, dynamysk, leafdefol’ binne in pear fan de reaksjes op harren muzyk.

Foto: Tjitte Jan Hogeterp (Liet 2016)

Spesjaal yn dizze koroanatiid wike se út nei in gruttere romte, Impuls, Van Swinderenstrjitte 69 yn Balk. Dêr kinne de harkers oardel meter faninoar ôf sitte. Mei it each op de koroanamaatregels moat der wol in plak reservearre wurde. Dat kin op www.praktijkstim.nl of troch te skiljen nei 06-1827 9290. It konsert begjint om 14.00 oere.