LIVEBLOG: Measte ferpleechhûzen noch net klear foar besite
by Omrop FryslânYn dit liveblog melde wy al it nijs om it coronafirus hinne:
- Der binne 65 minsken yn Fryslân stoarn, it tal besmettings stiet op 583;
- Nei goed twa moannen ticht west te hawwen, meie ferpleechhûzen hjoed wer iepen. Mar net alle ynstellingen yn Fryslân binne dêr klear foar;
- We binne mei ús allen troch it each fan de nulle krûpt, seit ic-baas Peter van der Voort fan it UMCG.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
10:36 Albert Heijn komt mei digitale segels
Supermerk Albert Heijn komt mei digitale segels, dy't klanten tenij fia de app krije. Yn stee fan it ynplakken fan segels yn in boekje, kinne klanten tenij segels sparje mei in app. De besteande segels wurde noch oant de ein fan dit jier útdield. Klanten dy't harren boekjes noch fol meitsje wolle, moatte der by wêze. Troch te kiezen foar digitale segels wol de supermerk it risiko op besmetting mei it coronafirus lytser meitsje.
10:31 Cultuur in Actie
De kulturele sektor komt yn aksje tsjin de stipemaatregels fan it regear. Neffens it aksjekommittee 'Cultuur in Actie' wurdt de kulturele sektor keihurd troffen troch de coronamaatregels. Artysten, keunstners, organisaasjes en selsstannigen misse al wiken lang harren ynkomsten. Om't aksjes op it Malieveld yn Den Haach net mooglik binne, start de sektor in digitale aksje. Fan 30 maaie oant en mei 15 juny litte se op de webside www.cultuurinactie.nl harren stim hearre.
10:26 Skoalle litte learlingen net sitte
Hast fjouwer op de tsien middelbere skoallen kieze der foar om learlingen net sitte te litten dit jier. Dat docht bliken út in enkête fan de Volkskrant, dy't 149 skoallen frege hat oft se it sitten bliuwe dit jier ôfskaffe. Gewoanwei jouwe rapportsifers oanlieding ta it beslút om in learling in jier oerdwaan te litten. No't learlingen al wiken lang gjin offisjele sifers mear krije, brûke skoallen oare wizen om te sjen oft in learling wol of net oergiet nei it folgjende jier. Yn dizze coronatiid krije mear learlingen it foardiel fan de twivel.
10:19 It pontsje by Vegelinsoard fart wer
Fytsers en kuierders binne mar wat bliid dat it pontsje tusken Akkrum en Vegelinsoard sûnt ferline wike woansdei wer fart. Op Himelfeartsdei brocht skipper Froukje van Keimpema mear as 250 minsken nei de oare kant fan it wetter.
Besjoch ek Pontsje Vegelinsoard hat it drok: "Yn de 15 jier dat wy farre, ha wy net faak sa folle minsken hân" 7:32 Fytsefabrikant Accell Group hat it smoardrok
No't minsken thús sitte en in nije hobby sykje fanwege it coronafirus, binne nije fytsen net oan te slepen. Fytsefabrikant Accell Group op It Hearrenfean hat is smoardrok. Dochs is de omset dit jier leger as foargeande jierren, foarseit topman Ton Anbeek. Dat komt om't de produksje fanwege corona de ôfrûne moannen flink nei ûnderen gong. Benammen frames út China binne dreech te besetten.
Besjoch ek Fytsefabrikant Accell Group: "Het coronavirus heeft de fiets wereldwijd op de agenda gezet" 7:09 Showkorps Jong Pasveer is wer los
It hat efkes duorre, mar se binne wer los by showkorps Jong Pasveer yn Ljouwert. Moandei waard der foar it earst repetearre op it sportfjild. Mar wol op feilige ôfstân.
Besjoch ek Showkorps Jong Pasveer oefenet wer, mar wol op feilige ôfstân 6:28 Wer beheind besite yn ferpleechhuzen
Fan moandei ôf meie ferpleechhuzen wer beheind besite talitte. Betingst is wol dat der op de ôfdieling dêr't it om giet, gjin corona hearsket. Ek wurdt maksimaal ien fêste besiker de bewenner talitten. Noch net alle ferpleechhuzen sille iepen. De organisaasjes krije oant 15 juny de tiid om oan alle betingsten te foldwaan. Der moat tocht wurde om de hygiëne, beskermingsmiddels en der moat foldwaande personiel wêze. It kabinet is fan doel op nei 15 july wer mear besite ta te stean.
6:15 Kânsen foar toerisme yn Fryslân
Nei de krisis lizze der folop kânsen foar de toerisme- en rekreaasjesketor yn Fryslân, ferwachtet toerismesaakkundige Albert Postma, lektor by NHL Stenden. Minsken soene har dit jier wolris rjochtsje kinne op de eigen regio. Dat betsjut mear boatsje- en campingfakânsjes.
Besjoch ek Toerismesaakkundige: "Nei de krisis lizze der folop kânsen foar Fryslân" 6:10 Jopie Huisman Museum wer iepen
Goeiemoarn en wolkom yn dit liveblog oer it coronafirus. It belangrykste nijs fan dit wykein:
- Der binne yn totaal 65 minsken yn Fryslân stoarn oan it coronafirus, it tal besmettings stiet op 583. Letter hjoed komt de GGD mei de nijste sifers.
- Nei goed twa moannen ticht west te hawwen, meie ferpleechhûzen hjoed wer iepen. Mar net alle ynstellingen yn Fryslân binne dêr klear foar.
- We binne mei ús allen troch it each fan de nulle krûpt, seit ic-baas Peter van der Voort fan it UMCG.
- It is drok yn de natuergebieten en dêr moat ekstra hanthavene wurde, mar dat kinne de natuerorganisaasjes net betelje. De provinsje moat wat dwaan, fynt de SP.
- Ien sektor dy't it net dreech hat yn dizze tiid is de fytsferkeap. Minsken yn de stêden keapje benammen sportfytsen, dêrbûten wurde mear e-bikes ferkocht.
- Lanlik lizze noch 223 coronapasjinten op de intensive care. Op it hichtepunt wie dat oantal 1.424. Yn totaal binne der 5.822 deaden meld yn hiel Nederlân.