Premier Nij-Seelân praat rêstich troch by ierdbeving
Yn Nij-Seelân hat moandetemoarn betiid in ierdskodding west. Dy hie in krêft fan 5,6 en hat foar safier bekend net laat ta ferwûne minsken of grutte skea. It barde wol middenyn in telefyzjefraachpetear mei premier Jacinda Ardern.
Yn it parlemintsgebou yn de haadstêd Wellington prate Ardern fia in fideoferbining mei de presintator fan it programma Newshub, doe’t de grûn begûn te skodzjen. De premier bleau opfallend kalm: “As jo efter my dingen bewegen sjogge, de Beehive (de namme fan it parlemintsgebou) beweecht in bytsje mear as normaal.”
Nei’t de ierdbeving oer wie, sei Ardern dat alles yn oarder wie. “Der hingje gjin lampen boppe-op my. It liket derop dat ik yn in stevich gebou stean.” Bûten de Beehive foel de panyk ek ta. Wol waard it treinferkear stillein en yn supermerken waarden de produkten flink trochinoar skodde. Yn Nij-Seelân binne geregeld ierdskoddings. Yn 2011 foelen by in swiere beving yn Christchurch 185 deaden.