https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/05/FSP-logo.jpg

Frysk Sosjaal Planburo presintearret rapport oer enerzjytransysje

Ferline wike presintearre it Frysk Sosjaal Planburo it rapport ‘Enerzjy yn draachflak’. De publikaasje makket diel út fan it FSP-projekt ‘Sosjale steat fan de Fryske enerzjytransysje’. Mei dat projekt makket it FSP de kommende jierren ynsichtlik wat de ynwenners fan Fryslân fiele, tinke en dogge as it giet om de enerzjytransysje. ‘Enerzjy yn draachflak’ is it earste rapport fan dat projekt. It beklammet it belang om Fryske boargers yn de enerzjytransysje te beheljen.

Yn Fryslân is brede stipe foar it tsjingean fan klimaatferoaring. Goed trijefearn fan de ynwenners fan Fryslân achtet it wichtich om klimaatferoaring tsjin te gean. Dat betsjut net automatysk dat ynwenners spesifike maatregels akseptearje dy’t op lokaal nivo ymplemintearre wurde moatte.

Unwissichheid oer it tempo
Sa is de transysje nei ierdgasfrij wenjen foar in protte ynwenners omjûn mei fragen, lykas: wat binne de kosten? Hokker alternativen binne beskikber? De faasje dêr’t de oerheid de beboude omjouwing bygelyks ierdgasfrij mei hawwe wol, achtet hast de helte fan de ynwenners te ambisjeus. Betelberens en it ûntbrekken fan goede alternativen binne foar in protte minsken redenen om de plannen as te foarútstribjend te bestimpeljen.

Ferlet fan betroubere ynformaasje
As it giet om it ierdgasfrij meitsjen fan de eigen wenning, stean praktyske beswieren it hanneljen faak yn ’e wei: jild, kennis, tiid, technyske (ûn)mooglikheden. Wol is der in grutte groep ‘folgers’, dy’t yn prinsipe wol oerstappe wolle op in oare enerzjyboarne, mar yn ’e praktyk ferskate arguminten hawwe om dat net te dwaan. Hja hawwe ferlet fan langetermynplannen fan de oerheid en in ûnôfhinklike boarne dy’t ynformaasje jout oer de foar- en neidielen fan de ferskate rjochtingen dy’t men ynslaan kin yn de enerzjytransysje.

‘Behelje boargers by de enerzjytransysje’
De enerzjytransysje is in maatskiplike feroaring, mei kânsen en bedrigingen. It is in proses fan tsientallen jierren, dêr’t oare aspekten geandewei wichtiger yn wurde. De enerzjytransysje rekket minsken dêr’t it telt: yn harren wenning en yn harren direkte fermidden. In protte boargers wolle dêroer meitinke, meiprate en meidwaan. Hja hawwe dat rjocht ek. Mar hoe docht men dat, boargers behelje? Yn it rapport ‘Enerzjy yn draachflak’ formulearret it FSP seis grûnbegjinsels foar in enerzjytransysje wêrmei’t alle Fryske ynwenners har deryn behelle fiele.

Taheakke: Rapport ‘Enerzjy yn draachflak’ en Gearfetting rapport ‘Enerzjy yn draachflak’.