Pakes comeback (17)

Klik hjir foar de foarige ôflevering

Pake: Brimsma fleach mei de gripe foarút op ús ta, mar doe gie Smoarge Sybren der gau tusken yn stean. In beam fan in keardel wie dat, dêr’t Brimsma mar in mantsje by wie. Wat moatte jo hjir op myn lân, seid er. En wat sil dat mei dat gefaarlike ark? Doare jo wol tsjin dy lytse bern? Dat Brimsma joech gau belies en wy stikten fan it laitsjen.

Douwe: Ja, dat wie lauwe shit, fansels.

Pake: Watte?

Sytske: Jim hiene in hoop wille, bedoelt er.

Pake: Ja, wis. En it die ek fertuten dat ik wat kunde krige oan Sybren, want dy koe wolris wat help brûke. Ik ha der letter hiel wat sneonen trochbrocht om in bûssintsje te fertsjinjen.

Nynke: Bin der noch mear foto’s fan toen jim jong wiene?

Pake: Net sa folle. Foto’s nimme waard doe net folle dien. It wie djoer, men koe jins jild wol better útjaan.

Douwe: Bin der gjin foto’s fan Smoarge Sybren en Brimsma?

Pake: Nee. Mar der moat wol ien wêze fan dat we weromkomme fan it aaisykjen. Lit ris sjen. O ja, hjirre.

Douwe: O, gaaf.

Pake: Ja, it is wol in geve foto, ja.

Sytske: Hy bedoelt moai, heit. Mar wat ik freegje woe, wat diene jo op dy jiskebulte foar wurk? Wie dat wol gesond, sok wurk?

Pake: Nee, ik tink net dat dat sûn wurk wie. Wy moasten it ôfeart bedobje. En dat wie bytiden raar guod. Ien kear krigen we in stik as wat fetten dêr’t ien fan lekte. We wiene krekt drok my wat oars. Ik seach wol dat in pear strjithûnen, dy’t altyd by ús omspaanden, derfan dronken, mar ik sloech it gjin acht. Mar al ringen begûnen hja te byljen, eh, te janken sil ik mar sizze – om de jongerein wat by de les te hâlden – mar op sa’n nuvere wize, dat ha ’k nea wer heard. En in healoere letter foelen se dea del. No, doe hiene wy wol yn de gaten dat it ûnrant wie, dat yn dy fetten siet en doe ha we se mar gau bedobbe.

Sytske: Gadfer. En dêr wenje wy no flak by.

Nynke: Dus yn dy tiid wie de weareld toch minder idyllysk dan jo ús woene litte tinke.

Pake: Tinke litte woene.

Douwe: Ja, dêr seist wat, Sytske. At wy op it lân fan dy boer wenje en dy feart hjirnêst lei, dan mut dat dwingelding dus in stikje fierderop (hij wiist in kant út) hjir yn de strjitte hè lein.

Pake: Lein hawwe.

Nynke: Dêr stean ik huzen al héél lang leech.

Sytske: Ja, dêr hat wat oer yn de krante stien. Der wie wat mei in fergunning net yn oarder, mar it wie wat geheimsinnich. Dy sjoernalist koe der net rjocht achterkomme hoe’t it allegear krekt ynelkoar siet. Mar oer bodemverontreiniging hat er it net hân. En ik wol net leauwe dat dat yn dizze wenwyk in item west hat.

Pake: In wat?

Sytske: Der hat noait praat west fan smoargens yn de grûn.

Pake: Nee, mar it wie ek net de bedoeling dat der noch wer oer praat waard. Dêrom stoppen we dat guod sa djip mooglik wei. Mar watfoar huzen wurde krekt net mear bewenne?

Douwe: Net it blok nêst ús, mar wat dêrnei komt.

Sytske: Net iens 30 meter hjirwei. Godskes, dêr sil toch gjin fergif yn de grûn sitte…..

Pake: Alderraarst. Hoe is ’t mooglik.

Douwe: (o sa ynteressearre) Watte?!?

Pake: No, dy fetten, der’t ik it nyskes oer hie. Sybren sei, ûnthâld mar wêr’tst se bedobbest, want miskien komme se noch wolris te pas, at we wer lêst hawwe fan rotten of sa. En doe bin ’k lyk tsjin dy grutte beam oer, dy’t hjir no op ’e hoeke stiet, stean gien en ha ’k fiifentweintich stappen fan de feart ôf dien en dêr ha ’k se begroeven. Dus dat soe yndie krekt útkomme by dy huzen dêr’t jimme it oer hawwe.

Douwe: (oereinspringend) Dit is fet need! Kom mei, pake, dan mutte we dêr ris even yn de tún sjen. En dan mutte we de krante belje. En ik hè tagelyk in fet onderwerp foor myn skripsy. Dit is kankerkoel!

Douwe rint fuort.

Sytske: It liket wol in ferhaal út in jongesboek.

Pake: Ik kin it noch hast net leauwe, mar it moat sa wêze. Mar dat net ien dat mear wist.

Sytske: Of witte woe. Mar gelokkich bin jo der noch.

Pake: No, ik bin bliid datst der sa oer tinkst. Ik hie oars hast it gefoel dat ik sels suver op it stoart thúshearde.

Douwe komt der wer yn mei in skeppe.

Douwe: Kom pake, wy mutte hommels nei de dwingel ta.

Sytske: Mar sjoch yn de goedichheid goed út! Reitsje neat oan! En bliuw der net te lang, hè, dat is net gesond. Kom gau wer thús!

It doek giet ticht: de ein fan it earste bedriuw.

(moarn fierder)