Ek in oplossing foar dramatyske delgong skoalsifers: oerheid makket eineksamens makliker
De Nederlânske sintrale eineksamens foar de fakken Frânsk en Dútsk wurde makliker makke. It ministearje fan ûnderwiis hat dêrta besletten omdat de sifers dan heger útfalle sille. Dy binne de lêste 25 jier dramatysk sakke. Trochinoar helje hafû-learlingen in 5,8 foar Frânsk en in 5,9 foar Dútsk op it eineksamen. Yn 1995 lei dat sifer 1,5 punt heger.
Op it stuit moatte hafû-learlingen it Frânsk op nivo A2 begripe en lêze en op nivo B1 lêze en skriuwe kinne. Foar it twû binne de nivo’s B1 en B2. Foar Dútsk moat it lêsnivo noch heger wêze.
Om jin goed yn in taal rêde te kinnen, moatte jo nivo B2 hawwe. Dat slagget learlingen hjoed de dei net mear by Frânsk en Dútsk. It ministearje wol de “knellende cesuur voor deze vakken verlichten”.
Neffens it College voor Toetsen en Examens hat de delgong fan de sifers twa oarsaken: skoallen jouwe leararen Frânsk en Dútsk no minder kontaktoeren as yn it ferline, en de jeugd komt dy talen bûten de skoalle minder faak tsjin. Minister fan ûnderwiis Arie Slob is fan betinken dat de fakken der oars út komme moatte te sjen.