Minsken hearre harren eigen aksint net
Minsken binne dôf foar harren eigen aksint. Hja tinke dat harren eigen útspraak folle minder opfallend is as dat oaren tinke. Dat docht bliken út Dútsk ûndersyk.
“Minsken dy’t in taal leare, beoardielje harren eigen útspraak as better as dy fan oare studinten”, seit ûndersykster Eva Reinisch. “Dochs meitsje hja deselde flaters.”
It ûndersyk is útfierd troch Holger Mitterer, Nikola Anna Eger en Eva Reinisch fan de Ludwig-Maximilians-Universität yn München. Hja hawwe in groep Dútske studintes sechstich Ingelske sinnen foarlêze litten. Dy waarden opnommen. De stimmen waarden ferfoarme ta manljusstimmen, sadat se net mear te identifisearjen wiene. In wike letter moasten de studintes beoardielje hoe goed oft de Ingelske útspraak fan de opnommen stimmen wiene. Hja wisten net dat harren eigen ferzje der ek tusken siet.
Dochs beoardielen de studintes de opname fan de eigen stim better as dy fan oaren. Hja hearden it Dútske aksint net. De ûndersikers tinke dat dat komt trochdat se wend binne oan de eigen útspraak en dy dêrtroch net as ‘ôfwikend’ beskôgje. De ûndersikers skriuwe dat minsken nei alle gedachten baat hawwe by oaren dy’t harren op harren minne útspraak wize om fossilisaasje fan it learproses foar te kommen.
In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Plos One. Klik hjir foar in gearfetting.