https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/02/europeeske-uny-iersk.jpg
Ofbylding: Wikipedia

It Iersk wurdt in folweardige EU-taal en dat freget frijwat tarieding

Yn 2022 wurdt it Iersk in folweardige wurktaal fan de Europeeske Uny. Sûnt 2007 hat de offisjele taal fan Ierlân noch in twadderangsstatus. Doel is dat tenei alle offisjele stikken yn it Iersk oerset wurde.

Dat freget frijwat tarieding. De Europeeske Kommisje hat op it stuit fyftich fakatueres foar oersetters, dy’t teksten út it Ingelsk yn it Iersk oersette kinne en oarsom. Hja sille foar in part yn Brussel en foar in part yn Dublin oan it wurk.