Frânsktalige sosjalisten wolle net mear mei De Wever prate
“Hoe faak moat ik no noch sizze dat de PS net mei de N-VA yn in regear wol?” sei Paul Magnette freedtemoarn tsjin Flaamske sjoernalisten. De foaroanman fan de Frânsktalige sosjaal-demokratyske PS hat syn nocht fan de lange ûnderhanneling oer it formearjen fan in nij Belgysk regear.
“Al acht moanne lang dogge wy war om byinoar te bringen wat net byinoar past”, fûtere er. Neffens him is de mislearre formaasje de skuld fan de Flaamske partij N-VA. De PS is yn Walloanië fierwei de grutste partij, de N-VA yn Flaanderen. In regear sûnder de twa is eins net moolk, mar mei-inoar liket ek dreech.
“Aan de onderhandelingstafel heeft de N-VA zich altijd constructief opgesteld”, sei N-VA-foaroanman Bart de Wever. Hy seit dat syn partij fierder wol mei in ekonomysk belied dat yn Flaanderen fertuten dien hat. De partij wol ek mear macht foar de regio’s, strangere regels foar ymmigranten en strangere straffen foar misdiedigers. De PS kin it dêr net mei lykfine.
Magnette hat yn de media sein dat er besykje wol om in lofts regear te foarmjen sûnder Keamermearderheid en sûnder de N-VA. De Wever reagearret dêrop mei: “De derde partij van het land meent iedereen de wet te kunnen spellen, en de onderhandelingen in de media te kunnen voeren. In weerwil van de Vlaamse kiezer moet er voor de PS een zo links mogelijke regering komen, zonder meerderheid in Vlaanderen.” Hy seit dat syn partij “akte neemt van het dictaat van de PS”.
Magnette hat ek útsteld om op ‘e nij ferkiezings te hâlden. Dêr is De Wever ek net foar te finen. It is net foar it earst dat de kabinetsformaasje yn it Belzelân lang duorret. Nei de ferkiezings fan 2010 duorre it oardel jier foar’t der in nij regear wie – in formaasje dy’t sels it Guinness Book of Records helle.