17 o/m 23 febrewaris ferkearshinder by brêge Dronryp
Sa’t earder al bekende makke is, kriget de brêge yn Dronryp yn de krookjefakânsje nije assen. Dat is nedich om it tikjende lûd by it iepen- en tichtgean fan de brêge te ferhelpen.
De brêge oer it Van Harinxmakanaal is dêrom fan moandei 17 febrewaris 7.00 oere oant en mei snein 23 febrewaris 18.00 oere ôfsletten foar autoferkear. Fytsers, fuotgongers, scooters en brommers kinne der wol oerhinne. Foar de skipfeart wurdt de brêge yn dat tiidrek net betsjinne.
Om de tikjende assen te ferfangen, docht de oannimmer it brêgedek wat omheech. Autoferkear kin dan net oer de brêge en wurdt omlaat. It tariedende wurk is op tongersdei 13 febrewaris úteinset en it lêste wurk is yn de wike fan 24 febrewaris klear.
Omliedingsrûtes (ôfbylding: Provinsje Fryslân)