Oarlochsdeiboek fan Nederlanner yn Dresden weromfûn
De 39-jierrige Gerard Wubben skreau 75 jier lyn yn syn deiboek: “Fannacht dreamd, ik tocht dat ik wer thús wie. Doe’t ik wekker waard, foel it my bot ôf.” Dat wie in dei of wat nei’t er it ynferno fan in alliearre bombardemint yn de Dútske stêd Dresden oerlibbe hie.
“It reinde de hiele nacht fjoer”, skriuwt er mei potlead. “Oeral liken en nochris liken.” De trije skriftkes dêr’t Wubben syn deiboek yn byhold, binne koartlyn troch syn soan oerdroegen oan it Nederlânsk Ynstitút foar Militêre Histoarje (NIMH). De Haachske Wubben hie as ûnderdûker besocht oan oarlochsfinzenskip te ûntkommen, mar wie ûntdutsen. Hy wie yn Dresden yn in sikehûs te wurk steld en dêr makke er it ferwoastende bombardemint fan 13 en 14 febrewaris mei.
Dresden wie lang sparre troch de alliearren, mar waard yn 1945 bombardearre om de optsjende Russen te stypjen. De binnenstêd feroare yn in fjoersee, dêr’t neffens rûzing 25.000 minsken yn omkamen. Noch altyd wurdt fûl debatearre oft it bombardemint in oarlochsmisdied wie.
De tekst fan Wubbens deiboek wie al bekend by it NIMH, mar wêr’t de skriften bleaun wiene, wist net ien. De soan fan Wubben melde him doe’t it NIMH de tekst online sette foar it projekt 75 jier frij. De bern fan Wubben ûntdutsen it deiboek pas nei de dea fan harren âlden. It deiboek sil no yn it NIMH-argyf bewarre bliuwe.