https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2010/04/willewike20091.jpg
Foto: Willewike

Willewike siket lieding

De organisaasje fan de Willewike op Skylge is foar dit jier noch op syk nei lieding. Wa’t sin hat om mei te gean as lieding kin him melde.

De data fan de Willewike binne dit jier:

De Willewike wurdt holden yn de Folkshegeskoalle yn de bosk fan Hoarne op Skylge.

Lykas alle jierren wurdt in wykein holden om de Willewike ta te rieden en mei-inoar yn ’e kunde te komme. Dat tariedingswykein is op 6/7/8 maart. Foar wa’t as lieding meidwaan wol, is it wichtich om der bydat wykein by te wêzen.

Mear ynformaasje kin opfrege wurde troch in mail nei lieding@willewike.nl te stjoeren. Wa’t him/har oanmeldt, wurdt frege om syn/har motivaasje te neamen, foar hokker kamp hy/sy beskikber is en oft er/se by it tariedingswykein wêze kin.