Jan Wibiër moat It Amelân oan nije koälysje helpe
by
Jan Wibiër fan It Amelân sil it proses op it eilân begeliede dêr't in nije koälysje útkomme moat. Wibiër is frege troch de partij AmelandEén. Alle partijen yn de gemeenteried fan it eilân wiene posityf oer de beneaming.
Foto: Google Streetview
Der moat in nije koälysje komme, no't beide wethâlders opstapt binne. Fraksjefoarsitter Siard Bonthuis fan AmelandEén is bllid mei Wibiër: "In Jan Wibier hebben we een onafhankelijke procesbegeleider gevonden die Ameland goed kent en die boven de partijen staat."
Wibiër sil moandei begjinne mei syn wurk. Hy hat dan petearen mei de boargemaster, de gemeentesekretaris en de griffier. Fierder sil hy in koarte taljochting jaan foar de riedsfraksjes. Wibiër is ûnder oare âld-topamtner by de provinsjes Fryslân en Grinslân.
Korreksje melde