https://www.itnijs.frl/wp-content/uploads/2020/01/31-jan-613x460.jpg
foto © Jan Brinksma

Waarpraatsje: In myld en ritich wykein

DE JOUWER – Nei in skiere freed krije wy ek in skier, ritich en (tige) myld wykein.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en kin it sa út en troch wat (sto)reine. Yn ‘e rin fan ‘e nacht wurdt it drûch. De súdwestewyn is frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Mei 10 graden is it tige myld foar de tiid fan it jier.

Sneon is de loft berûn en bliuwt it, nei alle gedachten, sa goed as drûch, mar hielendal wis is dat net. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt 11 graden.

Snein feroaret der hast neat oan it waar. It bliuwt net drûch en by in matige súdwestewyn leit de temperatuer op ‘e nij om de 10 graden hinne. Wy sille de sinne it hiele wykein hast net sjen.

Moandei is it ek noch myld en ritich, fan tiisdei ôf wurdt it wat minder ‘waarm’.

Jan Brinksma

 

.