Sulver foar Alyda Norbruis op wrâldkampioenskip paracyling
by Omrop FryslânOp it wrâldkampioenskip paracycling hat Alyda Norbruis fan Oerterp in sulveren medalje ferovere op de 500 meter. Ferline jier waard Norbruis ek twadde op it WK.
Alyda Norbruis - Foto: www.orange-pictures.nl
Yn it Kanadeeske Milton wie de wrâldkampioen fan 2019, Amanda Reid út Australië, dúdlik de rapste. Sy sette mei 39,035 in nij wrâldrekôr del. Norbruis siet der in goede sekonde achter.
Tristan Bangma kwalifisearre him freedtemiddei mei syn tandem foar de finale op de efterfolging. Dy finale wurdt letter op freed ferriden.