2050 euro boete nei't man mei 209 kilometer yn de oere oer Wâldwei jaget
by
In 51-jierrige Drachtster moat 2050 euro boete betelje, nei't hy mear as hûndert kilometer yn de oere te hurd ride oer de Wâldwei. Dat barde op 20 desimber fan ferline jier.
Foto: ANP
In motoragint hy de snelheid fan de auto fan de man mei in lasergun opmetten, dy kaam ut op 209 kilometer yn de oere. Op de Wâldwei is maksimaal 100 kilometer yn de oere tastien. De man riidt nei korreksje 102 kilometer yn de oere te hurd. Neist de snelheid, hie de man ek noch drank op efter it stjoer.
It riden ûnder ynfloed is in misdriuw, de oerskreiding fan de snelheid in oertrêding. Oer in pear moanne sil de Drachtster him noch ferantwurdzje moatte foar it riden ûnder ynfloed.
Korreksje melde