IIsferieningen fan De Knipe winne keunstiisbaan fan Omrop Fryslân
by
De keunstiisbaan fan Omrop Fryslân komt sneon te lizzen yn De Knipe. Jolanda Visser en Hanny Durkstra hiene de iisferieningen By Joun Utfoun en Eensgezindheid oanmeld. "Dit is geweldich", seit Visser. "Echt fantastysk, we binne der hielendal klear foar. We moatte jûn wol even wat dingen útsette. Mar we ha de minsken derfoar."
Foto: Omrop Fryslan
"It hiele doarp siet in bytsje in spanning. Elkenien hope hjir eins al op, dus super", seit Visser. "It kin moai op it nije doarpsplein yn it sintrum fan it doarp. Dat waard ôfrûne simmer iepene. It wurdt in grut feest."
Altyd wer in striid
De Knipe hat mar in lytse 1500 ynwenners, mar dus wol twa iisbanen. "Elke froastperioade is it in striid hokker iisbaan as earste iepen giet", skriuwe de froulju op it oanmeldformulier. "De ôfrûne kearen wie De Eensgezindheid út Boppe Knipe al in pear kear de earste iisbaan yn Fryslân dy't iepen wie. Reedriders kamen doe út hiel Fryslân nei ús doarp ta, in boppeslach foar de iisklup."
Dit jier is De Knipe op 1 febrewaris it iennige doarp yn Fryslân mei net minder as trije iisbanen. "Nei it sporten op sneontemoarn kinne de bern direkt nei de iisbaan ta. En foar de âlderein organisearje we 'piksjitte op 'e strjitte', mei oare wurden te klunen. En fansels soargje we foar koek en zopie en muzyk fan Omrop Fryslân op de iisbaan."
Jolanda Visser fan De Knipe
Hiele operaasje
De iisbaan komt út Seisbierrum, fan it bedriuw fan Hein Weewer. De iismaster kaam in tal jierren lyn midden yn de simmer op it idee fan syn bedriuw. "It wie 30 graden en in maat kaam by my mei it ferhaal dat er in baan yn Arnhem lizze moast", fertelt Weewer. "Ik leaude der neat fan. Mar ik bin mei him mei west en dêrnei fierder gong mei it bedriuw."
It bedriuw fan Weewer hat yn totaal sân banen, dy't rûnom yn Nederlân lizze. Benammen yn de wintermoannen is it drok, mar ek yn de simmer wurde de banen besteld. Dan faak foar buert- of doarpsfeesten. "Meastal binne we al in jier yn it foar beset. We ha dus sân banen en dan noch moatte we wolris 'nee' ferkeapje", seit Weewer.
Minder fet
De iisbaan dy't sneon yn De Knipe komt te lizzen krijt dêr ek in echte iismaster by, dy't bern (en ek âlderen) leare kin om te riden op de keunstiisbaan. Want dat hâldt wol wat oars yn as op de iisbaan yn Ljouwert of It Hearrenfean. "Hast minder fet", leit Weewer út. "Ik moat minsken faak tsjinhâlde. Dat se net te hurd ride, want oars lizze se sa ûnderút."
Weewer hopet wol dat der sneon in pear minsken binne dy't meihelpe wolle as frijwilliger. "Dat skeelt in soad!" Mar it alderwichtichste is foar de iismaster dúdlik: "As it mar gesellich is!"
Hein Weewer leit út hoe't de iisbaan wurket
Korreksje melde