Fuortbestean keppel skiep op Skylge liket fersekere
by Omrop FryslânIt fuortbestean fan de keppel skiep op Skylge, mei sa'n 1000 skiep en 64 kij, liket fersekere. Dat die freedtemiddei yn Den Haag bliken by in rjochtsaak by de Raad van State.
Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De Stichting Ons Schellingerland (SOS) hie beswier oantekene tsjin de bou fan in nije feestâl, mei in bedriuwswenning, foar de keppel yn Formerum. Neffens de eigener fan de keppel, Wietse van Deelen, soene de beswieren fan SOS liede ta de ein fan de keppel op Skylge. Dat soe in oantaasting wêze fan it 'Terschellinger-eigene' sei Van Deelen yn de rjochtseal. En dat wylst SOS just oprjochte wêze soe om dat eigene te bewarjen.
'Net de bedoeling'
Jan Willem Spanjer sei út namme fan de SOS dat it net de bedoeling is om de skiep fan Skylge wei te krijen. Dêrom die hy de tasizzing om mei it bestjoer fan de stichting yn petear te gean, om de beswieren tsjin de nijbou yn te lûken.
Yn ôfwachting fan in reaksje fan it bestjoer fan SOS hat de Raad van State de rjochtsaak no trije wiken oanholden. Wannear't it bestjoer fan SOS har protest definityf ynlûkt, dan folget der ek gjin útspraak mear yn de saak.