Provinsje Fryslân leit him del by mindere skearegeling foar lytse gasfjilden
by
Omwenners fan lytse gasfjilden binne poer. Neffens in regeling ha se minder rjocht op skeafergoeding as minsken dy't op of om it grutte gasfjild yn Grinslân wenje. Deputearre Douwe Hoogland hat wol fertrouwen yn de ûnôfhinklike kommisje dy't nei de skea sjen sil. Hy fynt dat je de lytsere gasfjilden net ferlykje moatte mei it grutte Grinslanner fjild.
Reaksjes op it ferskil yn de regeling:
Yn Grinslân jildt no de 'omkearde bewiislêst': alle skea wurdt taskreaun oan de mynbou, útsein wannear't it hielendal dúdlik is dat it in oare reden hat. Dy regeling is yn Fryslân oars, jout Hoogland ta. "Wy ha ris in manifest nei de Twadde Keamer stjoerd oer dy omkearde bewiislêst. Mar de oerheid hat no foar in ûnôfhinklike kommisje keazen, dy't nei de minsken giet dy't eventuele skea ûnderfine fan de gasboarringen."
Besjoch ek Mindere skearegeling foar gaswinning as yn Grinslân: "Der is hjir sprake fan 'rechtsongelijkheid'"
Foto: eigen foto
Dêr leit de provinsje Fryslân him no by del. "We slute ús der foarearst by oan", seit Hoogland. "Wol mei de tasizzing dat we skerp kontrolearje oft de minsken wol krije wat se fertsjinje. As der werklik oantoand wurdt dat eventuele skea troch de gaswinning komt, dan moat der sowieso goed en serieus nei sjoen wurde. Wy geane derfan út dat de kommisje der hiel serieus mei omgiet en de skea goed fêststelle kin."
Deputearre Douwe Hoogland
Korreksje melde