Underwiisfakbûn wol faker aksjefiere: "Oant it leararetekoart oplost is"
by Omrop FryslânUnderwiisfakbûn AOb is fan doel om folle faker yn aksje te kommen. Dat ha minsken fan it bûn freedtemoarn sein by in stakingsbyienkomst yn Ljouwert.
Tocht wurdt oan alle earste tiisdeis fan de moanne in saneamde prikaksje. Wat dy prikaksje dan ynhâldt is net bekend, mar it soe opnij betsjutte kinne dat skoallen de doarren slute. Dat wol it bûn folhâlde oant Prinsjesdei yn septimber. "Alle kearen dat we in aksje ha, dan komt minister Slob oer de brêge mei in kear wat jild", fertelt Fulco Hoekstra fan de AOb. "Mar as it leararetekoart net oplost wurdt, dan moatte we trochgean mei it aksjefieren."
Besjoch ek Tûzenen dosinten fiere aksje: "Het is een geweldig beroep"
Freed is de twadde dei fan de lanlike staking yn it basis- en it fuortset ûnderwiis. Yn Fryslân hat in grut part fan de skoallen freed gjin les. Wol binne der op guon plakken alternative aksjes.
Bern yn Bitgummole hâlde in eigen protestmars troch it doarp: