HEA! Popmuzikantsjes yn 'e dop

by

By Poppodium Iduna yn Drachten wurde bern fan de St. Lukassskoalle yn tsien wiken oplaat ta popmuzikant. It is in nije stoomkursus en it entûsjasme is enoarm. De bern komme yn 'e kunde mei meardere ynstruminten, krije sangles en ûnderfine wat der allegear te sjen komt by it spyljen yn in band. Se krije les fan ûnderwiisassistinten fan ROC Friese Poort.

Nei in tal basislessen binne fjouwer echte bands foarmearre en op dit stuit wurdt der keihurd oefene foar in echt popkonsert op woansdei 5 febrewaris.

https://www.omropfryslan.nl/data/files/styles/user_thumb/public/imagenodes/hea_algemeen.jpg

HEA !

http://www.omropfryslan.nl/hea Mail nei HEA !

Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m tongersdei om 17.35 oere.

Korreksje melde