Fuotbalklups prate oer akseptaasje: "Iepenheid is hiel wichtich"
by Omrop FryslânIt fuotbal soe mear each ha moatte foar homoseksuelen. Dat lûd is tongersdei te hearren by in byienkomst yn it Cambuurstadion. Fertsjintwurdigers fan de KNVB en ferskate klups út Fryslân wiene by it evenemint dat organisearre waard troch COC, Tûmba en BV Sport. "It is eins in histoaryske middei", seit petearlieder Sipke Jan Bousema.
De namme fan de middei wie 'Voetbal is voor iedereen'. Lang is yn de fuotbalwrâld sein dat diskriminaasje dêr net spilet, mar dat blykt hiel oars te lizzen. En klups ha der in soad ferlet fan om it deroer te ha. "We hiene it oer diskriminaasje yn de breedste sin fan it wurd", seit Bousema. "Religy, seksuele aard en kulturele achtergrûn." Neffens Bousema is it de earste kear dat de fuotbalwrâld it der sa oer hat.
Hoe kinne we dit ferbetterje?
"Fjouwer jier lyn hiene we net tinke kinnen dat we hjir hjoed sa stean soene mei allegear amateurklups dy't de fraach hiene hoe't we dit ferbetterje kinne." Der wiene klups by út ûnder oare Berltsum, Drachten, Blije, Hallum en It Hearrenfean. "Allegear woene se witte wat se dwaan kinne. Want je kinne net sizze dat homoseksualiteit by de klups net spilet."
Foto: Omrop Fryslân
"We ha it hân oer sichtbere en ûnsichtbere diskriminaasje. Minsken fiele har soms net feilich yn de klup, wylst de klup dat wol hiel graach wol. Se wolle der foar elkenien wêze, mar hoe?" Der binne ek al mooglike oplossingen neamd. "Iepenheid is hiel wichtich. Dus moatst soargje foar in fertrouwenspersoan. Sis oan it begjin fan it seizoen, bygelyks mei in grut boerd: we ha respekt foar elkenien, wêrby't it net útmakket watfoar kleur, achtergrûn of seksuele aard ofst hast."
Trainer Foppe de Haan wie der dúdlik oer: "Hartstikkene prima, sa'n meeting. De skiedsrjochter is altyd it bokje, jo moatte fan grutte kwaliteit wêze as jo skiedsrjochterje bliuwe wolle. As klup moat der in fisy útdroegen wurde: dit wolle wy en asto dêr net oan meidwaan wolst, dan hawwe wy in probleem."
'Er zijn veel meer Thijssen'
It ferhaal fan Thijs Smeenk makke in soad yndruk. "Tot mijn vijftiende heb ik gevoetbald, en dat heb ik pas weer opgepakt toen ik dertig jaar was. De pauze van vijftien jaar was vanwege mijn geaardheid. Toen ik zo'n dertien jaar was kwam ik er achter dat ik op jongens val. Toen was het nog geen groot probleem, maar later in de pubertijd werd het lastiger. Veel gesprekken in de kleedkamer en op het veld gingen die kant op. Ik dacht ik kan het mezelf makkelijker maken door te stoppen met voetballen", fertelde Smeenk.
"Later zeiden mensen dat het geen probleem meer is, en toen ben ik teruggekomen. Nu geef ik workshops, want er zijn veel meer Thijssen. En mensen die door voetballen maar hun mond dichthouden", jout Smeenk oan. "Dat jonges ophâlde mei fuotbaljen om't sy homo binne, dat haw ik nea witten. Dêr moatte wy dochs wat better om tinke", sei Rein Spoelstra fan VV Buitenpost.