Lippenhúster moat sel yn foar mishanneling befeiligers op oldtimerevenemint
by
In man út Lippenhuzen hat in heal jier sel krigen omdat er ferline jier op it Oldtimer Festival yn Hoarnstersweach in befeiliger mishannele hat. It slachtoffer woe de fertochte nei bûten dirigearre, mar dat rûn út op fjochterij.
De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte skopte de befeiliger mei syn wurkskuon mei hurde noazen tsjin de holle. Dy rekke bot ferwûne. De fertochte hie in in hiel soad dronken (20 oant 30 bierkes nei eigen sizzen) en koe him neat fan it foarfal heuge. Njonken de selstraf mei er trije jier gjin alkohol drinke. En hy moat it slachtoffer rom 4500 euro smertejild betelje.
Korreksje melde