Technysk manager Foeke Booy langer by Cambuur
by Omrop FryslânFoeke Booy fan Sportklup Cambuur is ek takom seizoen technysk manager by de Ljouwerters. Der siet al in opsje yn it kontrakt fan Booy om oant 2021 oan te bliuwen.
Foeke Booy - Foto: www.orange-pictures.nl
Booy kaam yn jannewaris 2018 werom by Cambuur. Yn de jierren 80 wie hy as spiler ek al aktyf as spiler by de Ljouwerters. Hy wie dêrnei yn tsijnst fan ûnder oare FC Grins, FC Utrecht, Go Ahead Eagles en Club Brugge. Mei Utrecht wûn er as trainer twa kear de KNVB-beker.
Neffens Cambuur betsjut it oanbliuwen fan Booy in stik rêst en stabiliteit. De klup kin no fierder bouwe oan de seleksje yn oanrin nei it nije stadion.