"Ljouwert kin wol wat grutte eveneminten as Cie Carabosse brûke"

by

Ljouwert kin mear grutte eveneminten brûke lykas de fjoershow fan it Frânske selsskip Compagnie Carabosse. Dat seit direkteur fan hotel en grand-kafee Post Plaza, Herman Schreuder. Sels nei it Kulturele Haadstêdjier, bliuwt it hurd wurkjen om as Ljouwert oantreklik te bliuwen. Tongersdei wie de earste jûn fan de fjoershow dêr't flink wat minsken op ôf kamen.

Neffens Schreuder witte toeristen Ljouwert noch hieltyd goed te finen. "En over wat ze hier aantreffen zijn ze erg goed te spreken." Allinnich de Friezen komme minder faak nei de Fryske haadstêd as yn 2018, aldus Schreuder. "Je hebt over de Afsluitdijk Alkmaar en Amsterdam en de andere kant op kun je naar Groningen."

Der is dus in soad konkurrinsje. Dat betsjut dat Ljouwert hurd wurkjen bliuwe moat om minksen hjir hinne te krijen. "Daarvoor moet je grote gratis evenementen hebben die de stad aantrekkelijk maken, zoals Cie Carabosse maar ook bijvoorbeeld het Fries Straatfestival en CityProms."

Herman Schreuder fan Post Plaza

https://www.omropfryslan.nl/data/files/styles/user_thumb/public/imagenodes/wendy_kennedy_0.jpg

Wendy Kennedy

Mail nei Wendy Kennedy

Wendy Kennedy folget alles wat der bart op it mêd fan kultuer yn Fryslân.

Korreksje melde