SC Cambuur hiert Van Ewijk fan ADO Den Haag
by
Milan van Ewijk spilet it kommende healjier foar SC Cambuur. De ferdigener wurdt hierd fan ADO Den Haag. De Ljouwerters woene graach noch in rjochtsback oan de seleksje taheakje, om't dy posysje tin beset is. Jordy van Deelen is noch moannen blessearre, wêrtroch't allinne Doke Schmidt noch oer is.
Milan van Ewijk - Foto: www.orange-pictures.nl
SC Cambuur is al rûn mei de wurkjouwer fan Van Ewijk, ADO Den Haag. Dêr spile hy tolve wedstriden yn de earedifyzje dit seizoen, mar yn dizze transferperioade helle de klup ferskate ferdigeners. Dêrtroch ferdwûn Van Ewijk út byld. Hy moat by Cambuur allinne noch medysk kard wurde.
Technysk manager Foeke Booy lit út namme fan SC Cambuur witte dat it yndie om Van Ewijk giet, mar dat it papierwurk noch yn oarder komme moat.
Korreksje melde