Boereprotest fan takom wike giet net troch
by
Boeren sille op 5 febrewaris dochs net opnij protestearje yn Den Haag. Earder rôp aksjegroep Farmers Defence Force (FDF) noch op ta in nij protest, mar yn in parseberjocht litte se no witte dat de aksje net trochgiet. "We houden ons kruit uit tactische overwegingen droog voor als het echt nodig is."
Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
It beslút om in streek troch it protest te setten nommen is op in gearkomste fan it Landbouw Collectief. Dat is de koepelorganisaasje fan trettjin partijen dy't bestiet út sawol de tradisjonele belangebehartigers (lykas LTO) as protestgroepen lykas Agractie en FDF. "Het beleid waarover we proberen een deal te maken is gebaseerd op onjuiste informatie. Dit zal de komende weken richting 20 februari naar buiten komen", skriuwt FDF yn de ferklearring.
Op 5 febrewaris sil it Landbouw Collectief wer prate mei premier Mark Rutte en minister Carola Schouten fan Lânbou. Yn in eardere ferklearring sei FDF dat der dan "spijkers met koppen worden geslagen. Daar moet de finale klap worden gegeven".
Korreksje melde