Nei 3,5 jier is de Brútstap in feit
Fan sneon 1 ferbrewaris ôf, as de Britten Brussel ferlitten hawwe, wurdt ûnderhannele tusken de Europeeske Uny en it Feriene Keninkryk oer in hannelsoarienkomst. Moandei lit de Europeeske Kommisje witte wêr’t op ynset wurde sil.
De petearen wurde de kommende tiid yn sawol Brussel as Londen fierd. De basis foar de petearen is de politike ferklearring dy’t ferline jier oannaam is as taheakke by de skieding. Underhanneler Barnier hat in strak skema opsteld mei in wike ûnderhanneljen, dêrnei in wike om alle haadstêden en parleminten by te praten en dan in wike om de nije ûnderhannelingsomgong ta te rieden.
De bedoeling is om op 31 desimber 2020 klear te wêzen, mar oft dat slagje sil is noch mar de fraach. De foarsitter fan de Europeeske Kommisje, frou Von der Leyen, hat al witte litten dat dat nei alle gedachten net slagje sil. De ûnderdielen dêr’t de kommende moannen perfoarst oerienstimming oer berikt wurde moat, kinne mei yngong fan 1 jannewaris 2021 yngean.
Ien fan de earste saken dêr’t oer praat wurdt, is de fiskerij. It doel is om dêr foar de simmer ôfspraken oer te meitsjen. Der wurdt ek úteinset mei ûnderhannelingen oer eksterne feiligens by bygelyks grutte oanslaggen en militêre operaasjes.