SLAH-jûn mei Peter Middendorp yn Museum Belvédère
Op tongersdei 13 febrewaris ferwolkommet de SLAH (Stifting Literêre Aktiviteiten Hearrenfean) de skriuwer Peter Middendorp yn Museum Belvédère yn Oranjewâld.
Datum: tongersdei 13 febrewaris 2020
Lokaasje: Museum Belvédère, Oranje Nassaulaan 12, It Hearrenfean-Oranjewâld
Tagong: € 10,-; € 5,- foar donateurs fan de SLAH, learlingen en studinten (allinnich kontant beteljen mooglik!)
Seal iepen: 19.30 oere | oanfang 20.00 oere
Skriuwer en sjoernalist Peter Middendorp (Emmen, oktober 1971) is bekend fan syn kollum yn de Volkskrant sûnt 2012, mar ek fan twa fan syn romans dy’t foar in protte opskuor soargen: Vertrouwd voordelig oer syn jeugd yn Emmen as soan fan de pleatslike Blokker-eigner en Jij bent van mij. It lêste boek is ynspirearre op de moard op Marianne Vaatstra, dêr’t er it ferhaal út it diederperspektyf wei fertelt.
Yn it skoft is der gelegenheid om in fleugel fan it museum te besytsjen. De hjoeddeiske útstalling Manger avec les yeux toant wurken fan de Frânske keunstner en yllustrator Martin Jarrie. Boekhannel Binnert Overdiep is oanwêzich mei in diske yn it Museumkafee.
Oanmelde kin troch in mail te stjoeren nei de SLAH: reserveer@slahheerenveen.nl.